
Tekenje no: stop de sintralisaasje fan EU-jilden!
Tekenje de petysje oan de Europeeske Kommisje!
De Europeeske Kommisje is fan doel om de EU-finansiering te sintralisearjen. Yn stee fan dat de fûnsen streekrjocht by de ferskillende Europeeske regio’s telâne komme, sille se takend wurde oan de 27 lidsteaten, dy’t se dêrnei yntern wer ferdiele meie. By de European Free Alliance (EFA) meitsje wy ús soargen oer de desastreuze gefolgen dy’t dizze nasjonalisearring fan de finansiering hawwe kin foar regio’s en foar de Europeeske gearwurking.
As keazen folksfertsjintwurdiger fan in EFA-partij kinne jo aksje ûndernimme! Slút jo oan by kollega’s út hiel Europa en lit jo stim hearre by de Europeeske Kommisje!
Tekenje no en slút jo by ús oan yn ús striid foar earlike regionale finansiering binnen de EU!
Stop de sintralisaasje fan EU-jilden!
Fan: Lokale en Regionale Folksfertsjintwurdigers Oan: Ursula von der Leyen, Foarsitter fan de European Kommisje; Raffaele Fitto, Utfierend Vicefoarsitter fan de European Kommisje ferantwurdlik foar Koheezje en Herfoarmingen.
Rju achte Foarsitter fan de European Kommisje, Ursula von der Leyen,
Rju achte Vicefoarsitter fan de Europeeske Kommisje ferantwurdlik foar Koheezje en Herfoarmingen, Raffaele Fitto,
Wij, lokale en regionale keazen folksfertsjintwurdigers út hiel Europa, wolle ús djippe soargen uterje oer it foarstel foar de nasjonalisearring fan Europeeske fûnsen ûnder it Mearjierrich Finansjeel Kader 2028–2034 (MFK). Wy binne fan betinken dat dizze oanpak it risiko meibringt dat besteande ekonomyske, sosjale en territoriale ferskillen tusken perifeare regio’s en de al rikere haadstêden fan Europa noch fierder fergrutte wurde.
Benammen binne wy ûngerêst troch it foarstel om ferskate EU-beliedsmaatregels gear te foegjen ta ien nasjonaal plan per lidsteat. Sa’n oanpak soe yn de praktyk it prinsipe fan mearlaachsk bestjoer ûndergrave, dat al tsientallen jierren in hoekstien is fan it Europeeske koheezjebelied en de territoriale ûntwikkeling.
As keazen folksfertsjintwurdigers ferbûn oan de European Free Alliance (EFA) – in Europeeske politike partij dy’t him ynset foar regionale fersterking, mearlaachsk bestjoer en it rjocht op selsbeskikking – roppe wy dêrom de Europeeske Kommisje op om:
- It foarstel yn te lûken om EU-programma’s opnij te sintralisearjen yn ien Nasjonaal Plan per lidsteat, wat yn de praktyk de beslútfoarming konsintrearje sil yn de nasjonale haadstêden en de autonomy fan regionale en lokale oerheden by de ferdieling fan EU-fûnsen ferswakje sil.
- De essinsjele rol fan lokale en regionale oerheden by it ûntwerpen, behearen en útfieren fan it EU-budzjettêre kader te respektearjen en te beskermjen, benammen binnen it koheezjebelied.
- Robúst demokratysk tafersjoch troch it Europeesk Parlemint te garandearjen en te soargjen foar folsleine transparânsje yn de metodyk dy’t brûkt wurdt foar de ferdieling fan EU-middels.
De takomst fan it Europeeske projekt hinget ôf fan in lykwichtige territoriale ûntwikkeling, demokratyske partisipaasje en betrouwen tusken alle bestjoerslagen. Dêrom trune wy der by de Kommisje op oan om dizze prinsipes yn eare te hâlden yn it kommende mearjierrich finansjeel kader (MFK).